Luie hond giet foar poppriis

17 nov 2006 - 07:32

De Fryske popgroep Luie Hond is ien fan de nominearren foar de Fryske Poppriis, dy't op 21 desimber útrikt wurdt yn de Lawei yn Drachten.

Neist Luie Hond binne ûnder oaren ek Mink, Autumn, Mir en rapper Remon de Jong nominearre. Der binne awards yn ferskate kategorieën. De winners wurde diels bepaald troch in faksjuery. Mar der kin ek stimt wurde op de webside www.friespopgala.nl. De winner fan de Fryske poppriis krijt 2500 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)