Lugubere fynst yn bosk

24 feb 2012 - 15:47

Yn de Ljouwerter Bosk is dizze moanne twa kear in kop fan in foks fûn. Yn beide gefallen wiene der bern by doe't de lugubere fynsten dien waarden. De bern binne derfan skrokken.

De earste kop waard op freed 10 febrewaris fûn. Hy wie net lang dêrfoar op in stôk set. De twadde kop is ôfrûne woansdei oantroffen. De koppen binne fûn tichtby de wenwyk Havankpark. De plysje stiet foar in riedsel. Mei allinnnich de kop is it dreech út te finen hoe't de bisten deamakke binne.

It publyk wurdt om help frege. Fierders moatte minsken foarsichtich wêze yn de bosk of oars mar in oar bosk opsykje, salang't de saak net oplost is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)