Lûdsynstallaasje meinommen

28 mrt 2013 - 14:22

De plysje hat woansdeitemiddei de lûdsynstallaasje fan in 38-jierrige Ljouwerter yn beslach naam. Dat waard dien neidat der meardere klachten kaam wiene oer lûdsoerlêst.

Plysjes moasten de doar fan de man iepenbrekke om deryn te kommen, sels woe er de doar net iepen dwaan. Yn jannewaris waard der ek al in lûdsynstallaasje fan de man ôfpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)