Lûdswâl Drachtsterfeart mei boud

28 apr 2005 - 07:03

De feriening Drachtster Bosk en de Fryske Miljeufederaasje hawwe de striid tsjin de Drachtsterfeartlûdswâl definityf ferlern. Dy wâl wurdt al oanlein, mar der rûn noch in saak by de Rie fan Steat.

De beswiermakkers wolle net dat der fersmoarge grûn fan it eardere stoart brûkt wurdt. De Steatsrie wiist dat lykwols ôf. De gemeente pakt de smoargens goed yn mei foly. Boppedat is der in goede kontrôle op lekkerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)