Lûdsskermen foar Skoatterwâld

30 jul 2007 - 06:48

De wyk Skoatterwâld by Hearrenfean hat fan desimber ôf minder lûdsoerlêst. Moandei wurde nije lûdsskermen pleatst by de A32. De skermen wurde pleatst by de wyk Skoatterwâld, foaroer it Abe Lenstra Stadion.

De wyk wreidet hieltyd mear út en om oerlêst fan it ferkear safolle mooglik te beheinen wurde der skermen pleatst. De oprit út Skoatterwâld de A32 op wurdt ôfsletten foar ferkear. Der is in omlieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)