Lûdsoerlêst yn Drachten

02 des 2012 - 14:45

Yn Drachten hat de plysje sneontenacht in muzykynstallaasje yn beslach nommen. Bewenners fan in flat oan it Schuttersveld hienen de plysje belle oer lûdsoerlêst. Op strjitte koe de plysje de muzyk al hearre. Pas nei in healoere slagge it de plysje om kontakt mei de 28-jierrige bewenner te krijen. Hy hat in proses-ferbaal krigen. Neist de muzykynstallaasje hat de plysje ek de fersterker en twa boksen meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)