Lûdsoerlêst troch lang bûtendoar sitte mei dit moaie waar

05 jul 2015 - 11:33

Mei it moaie waar hat de Fryske plysje sneontenacht in protte meldings fan lûdsoerlêst krigen. Omdat it noch lang waarm wie, sieten in protte minsken bûtendoar mei lûde muzyk oan. Under oare yn de Jan van Scorelstrjitte yn Ljouwert waard om ien oere nachts in feest troch de plysje beëindige. Op twa plakken yn de Aert de Gelderstrjitte stie ek lûde muzyk oan en moast de plysje yngripe.

Ut It Hearrfean kamen ek ferskate meldingen fan oerlêst. Op twitter die de plysje in oprop om mear rekken meielkoar te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)