Lûdsmjitting: gjin F16's te sjen

10 okt 2006 - 13:50

De Waadferiening besocht tiisdei te mjitten hoefolle oerlêst de luchtmacht feroarsaket yn it Lauwersmargebiet. Dêr binne F16's dwaande mei oefenings. De feriening fynt dat se te leech fleane en tefolle leven meitsje. Dat soarget foar fersteuring fan de fûgeltrek, fynt de feriening.

Der binne oant no ta gjin oertredings fêstlein. Neffens definsje is leech fleane by sokke oefening earder útsûndering as regel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)