Lûdsbeheinings falle ta

11 jun 2001 - 00:00

De nije lûdsmaatregels op it plattelân hawwe gjin gefolgen foar de boeren. Dat skriuwt minister Pronk fan Miljeu hjoed yn in brief oan alle gemeenten yn Nederlân. Yn Fryslân is koartlyn in soad kommoasje ûntstien fanwege de lûdsbeheinings dy't Pronk jûns op it plattelân ynfiere wolle soe.

Neffens Pronk is der sprake fan in misferstân en is der panyk om neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)