Ludike aksje Boys-supporters

31 mrt 2006 - 09:46

Ludike fanatike supporters fan fuotbalclub Broekster Boys út Damwâld ha woansdeitenacht it sportpark fan Be Quick Dokkum yn read-swart kleuren setten. No sneon stiet de derby tusken de ploegen op it programma. De wedstryd libbet bot en der wurde gauris ludike aksjes betocht om de wedstryd hinne.

De strjitte dêr't de manlju fan Dokkum sneon oerhinne rinne nei it fjild ta, is dus no yn de kleuren fan de De Boys en ek de middenstip is read-swart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)