Ludike aksje anti-kapitalisten

18 aug 2001 - 00:00

It Trefpunt Anti-kapitalisten (TAK) hâldt moandeitemiddei in ludike aksje op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. It TAK stipet dêrmei de ynternasjonale solidariteitsdei foar Genua-demonstranten.

Der sitte noch hieltyd minsken fêst dy't meidiene oan de demonstraasjes by de G8top yn de Italjaanske stêd. TAK wol mei de aksje oanjaan dat de measte demonstranten gjin geweld yn it sin hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)