Luchtmachtoefening yn Ljouwert

07 sep 2000 - 10:49

'Frisian Flag' is de namme fan in ynternasjonale luchtmachtoefening dy't oant en mei ein nij wike op de Ljouwerter fleanbasis hâlden wurdt.

Hûndert piloaten út Nederlân, België, Dútslân en Amearika dogge yn F-16, F-15 en Mig-tastellen sitewaasjes nei dy't yn de praktyk foarkomme lykas by yntervinsjes yn Kosovo. Mei de oefening mei nepbommen trene se har feardichheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)