Lucas wol om tafel mei winners

10 jun 2010 - 07:18
  • Lucas sil har baan by Oranjewoud opjaan foar it pluszj

Ien fan de seis Friezen dy't aanst yn de blauwe stuollen yn de Twadde Keamer komt is Anne-Wil Lucas út Bakkefean. Se stie foar de VVD op it 29e plak op de kieslist. Mei de 31 sitten foar de VVD is har plakje dus wis. Lucas sil har dwaande hâlde mei natoer en miljeu en romtlike oardening.

Har baan by ingenieursburo Oranjewoud moat se opjaan foar it plús. Neffens har kin de VVD net om de oare winners fan de ferkiezing hinne en dêrmei doelt se op de PVV en D66.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)