Lucas en Teike-húske iepene

05 mrt 2008 - 22:32

It lytste húske yn de gemeente Achtkarspelen is woansdei iepene as fakânsjehúske. Yn it saneamde Lucas en Teike-húske yn Droegeham is romte foar twa gasten. De wente hat noch in echt âld bedsteed. It húske is neamd nei de eardere bewenners.

De gemeente is eigner wurden fan it arbeidershúske doe't de lêste bewenners der tsien jier ferlyn út gongen. De wente is opknapt en geskikt makke foar fakânsjebewenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)