Lucas Bijker fan SC Cambuur nei SC Hearrenfean

13 maaie 2015 - 13:32
  • Lucas Bijker

Cambuurspiler Lucas Bijker giet neffens Voetbal International sa goed as wis nei SC Hearrenfean. It kontrakt fan de 22-jierrige ferdigener by SC Cambuur rint ôf. By It Hearrenfean leit in kontrakt fan twa jier foar him klear.

Bijker spilet sûnt it seizoen 2010/2011 by Cambuur. Bijker hat noch spile ûnder coach Dwight Lodeweges foar't dy fan Cambuur nei It Hearrenfean gie. Doe't bekend waard dat Lodeweges nei It Hearrenfean gie, bestoarmen Cambuursupporters de training en moast Lodeweges útnaaie.

De oerstap fan Bijker is pikant. Nei de oerstap fan Lodeweges ferklearre Bijker noch dat hy noait nei SC Hearrenfean gean soe. As 'echte Liwwadder' kinne je dat net meitsje, ek net tsjinoer de supporters, ferklearre Bijker doe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)