LTO wol útsûndering op nije flekswet

06 maaie 2015 - 13:01

Lân- en túnbouorganisaasje LTO wol dat foar seizoensarbeiders yn de lânbou in útsûndering makke wurdt yn de nije flekswet. Dy wet giet op 1 july yn. Dy nije wet soe net goed útpakke foar it wurk yn de agraryske sektor om't dêr in soad seizoenswurk is mei piken.

Neffens foarsitter Albert Jan Maat fan LTO sitte flekswurkers net te wachtsjen op in fêst kontrakt. De organiaasje wol dêrneist foarkomme dat flekswurkers ûntslein wurde en as útstjoerkrêften werom komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)