LTO wol in lanlik plan om asbestdakken te ferfangen

13 okt 2015 - 17:28

De LTO wol dat der in nasjonaal deltaplan komt om alle dakken fan asbest te ferfangen. Nederlân moat yn 2024 asbestfrij wêze fan it regear en dat slagget neffens LTO Nederland net. Der leit yn Nederlân 120 miljoen kante meter oan asbestdakken, 100 miljoen dêrfan leit op pleatsen. Yn Fryslân wurdt it tal pleatsen mei asbestdakken rûsd op 20.000. LTO Nederland seit dat der temin jild is en dat der temin bedriuwen binne om alles op te rêden foar 2024. Der is oardel miljard euro nedich. Dat jild moat fan gemeenten, provinsjes en ryk komme.

Wat it ryk oanbelanget tinkt de LTO oan in ienfâldige ryksregeling, in leech BTW taryf, fiskale maatregels en mear subsydzje foar sinnepanielen. Fierder moatte de regels om it asbest op te rêden oanpast wurde, sadat it makliker en benammen goedkeaper wurdt om asbest op te rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)