LTO: wachwêze op tongblier

04 aug 2007 - 10:13
  • blierren yn en om de bek binne in symptoan fan tongblier

Boere-organisaasje LTO wiist feehâlders derop harren fee te kontrolearjen op symptoanen fan tongblier en ekstra foarsichtich te wêzen mei kontakten, benammen as der koartlyn fee oankocht is. De LTO reagearret dêrmei op de fynst fan tongblier by in bedriuw yn Surrey, ten súdwesten fan Londen.

In mooglike boarne fan besmetting is it bistesyktelaboratorium yn de buert fan Guildford.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)