LTO tsjin boerebelesting

16 jan 2014 - 11:47
  • Trekker

Boeren binne it net iens mei de komst fan in ekstra belesting, dy't brûkt wurde sil foar it ûnderhâld en feilich meitsjen fan plattelânsdiken. De diken soene in soad te lijen ha fan it swierdere lânbouferkear. Gemeenten binne mear kwyt oan ûnderhâld en dêrom binne der ekstra maatregels nedich om de diken feilich te meitsjen foar benammen fytsers.

Neffens lânbou-organisaasje LTO-Noord wurdt der al wegebelesting betelle foar it ûnderhâld fan diken. Se fine it ek de safolste oanslach op it ynkommen fan boeren.

Dat ynkommen mei dan wol ferbettere wêze, mar dat mei ek wol nei in tal meagere jierren. Neffens LTO-Noord is it wol hiel maklik om dit no by de boeren del te lizzen. It plan komt fan twa Fryske PvdA'ers, Remco Admiraal en Jelle de Visser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)