LTO: tink om fûgels op it lân

25 apr 2009 - 12:25
  • Boeren moatte hoeden meane

Boeren moatte op dit stuit safolle mooglik rekken hâlde mei de fûgels yn it lân. LTO stelt út oerdei te meanen, leafst fan binnenút nei bûten ta. Der wurde goeie ôfspraken makke mei bygelyks meiwurkers fan leanbedriuwen dy't op it lân oan it wurk binne.

LTO Noard, BoerenNatuur en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten ha in brief makke mei tips foar alle fjildwurkers. Der wurdt lykwols net kontroleard troch de organisaasjes. Der komt ek gjin ferfolch op dizze aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)