LTO posityf oer CDA-foarstel

20 aug 2014 - 11:44

LTO-Noard is posityf oer it inisjatyf fan it CDA oer in priisôfsprakeregeling. Keamerlid Jaco Geurts wol dat der mear mooglikheden komme foar boeren, fiskers en túnkers om ôfspraken te meitsjen oer in earlike priis. Geurts makket him soargen, omdat supermerken sa'n leech mooglike priis foar de itenswaar ôftwinge en hiel machtich binne.

Boeren en fiskers moatte neffens it CDA-keamerlid op in earlike wize harren jild fertsjinje kinne. LTO-Noard foarsitter Geart Kooistra sjocht wol wat yn it plan foar in priisôfsprakeregeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)