LTO pleitet foar strukturele oplossing mûzeprobleem

29 apr 2015 - 17:25
  • Mûzeskea

De kompensaasjeregeling fan de provinsje foar boeren mei mûzeskea is moai, mar der moat wol sjoen wurde nei in strukturele oplossing. Dat seit boere-organisaasje LTO. Tiisdei waard bekend dat de Europeeske Kommisje akkoart giet mei in liening fan de provinsje oan boeren dy't oars fallyt driigje te gean troch de mûzeskea.

Ofrûne jier binne hûnderten boeren troch de bisten dupearre. De LTO sit yntusken mei alle partijen om tafel om draaiboeken te meitsjen om sa foar te kommen dat it wer sa misgiet as dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)