LTO: ophâlde mei gaswinning

20 jun 2007 - 23:27

Boeren yn de omkriten fan Harns en Frjentsjer fine dat fuortendaliks ophâlden wurde moat mei de winning fan gas by harren gebiet. Dit nei oanlieding fan in ûndersyk troch in âld NAM-yngenieur. Dy konkludearret dat de grûndelgong folle rapper giet as tocht wurdt. De delgong soe al sa'n 20 sentimber wêze yn plak fan 10.

De pleatslike LTO-ôfdieling wol fan it ministearje fan Ekonomyske Saken witte of sifers korrekt binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)