LTO-Noard teloarsteld oer ZLTO

19 maaie 2005 - 15:50

Boere-organisaasje LTO-Noard is teloarsteld yn de súdlike susterorganisaasje ZLTO. Dy stapt út de oerkoepeljende organisaasje LTO. De gearwurking komt net goed fan de grûn troch in gebrek oan rezjy. De ZLTO kin no wer tiid stekke yn it behertigjen fan de belangen fan de eigen leden.

LTO-Noard sjocht gjin reden om út de LTO te stappen. Neffens it bestjoer kin de lanlike koepelorganisaasje genôch dwaan foar de leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)