LTO: help by oprêden asbest

04 nov 2013 - 18:11
  • (foto-ympresje)

De oerheid moat it tal regels ferminderje en finansjeel byspringe as de agraryske sektor yn 2024 asbestfeilich wêze wol. Dat seit Geart Kooistra, foarsitter fan it provinsjaal bestjoer fan LTO Nederlân.

Kooistra reagearret op in enkête ûnder 3000 boeren oer asbest op it agrarysk bedriuw. Dêr docht út bliken dat sy it oprêden fan asbest te dreech en te djoer fine. Neffens Kooistra hat de oerheid alle reden om by te springen. It oprêden giet dan flugger en it smyt aardich wat wurkgelegenheid op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)