LTO: gau intsje tsjin Q-koarts

12 maaie 2010 - 11:18
  • Foto: Omrop Fryslân

Geite- en skieppehâlders moatte gau de bisten faksinearje tsjin de Q-koarts. Dat seit boere-organisaasje LTO. It ministearje fan Lânbou hat besluten de strenge maatregels fan krêft bliuwe salang't net alle boeren yninte hawwe.

Der jildt dus no noch altyd in ferfiersferbod en der mei ek net fokt wurde. Dat hat grutte gefolgen, want de bisten jouwe dan ek gjin molke. Noch mar inkelde tsientallen boeren hawwe yninte, want der binne twifels oer de feiligens fan 'e intstof.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)