LTO daget Bayer foar rjochtbank

28 sep 2000 - 11:45

Boere-organisaasje LTO daget gemykonsern Bayer foar de rjochter. Se wolle dat boeren dy't it IBR-faksin tsjin kowegryp brûkt hawwe, skeafergoeding krije. De kij binne troch de besmette intstof slim siik wurden, sa sizze de boeren.

Bayer ûntkent skuld en wegeret te beteljen. Lânbouminister Brinkhorst stipet it konsern. Der is neat mis mei it faksin, sa sei er tiisdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)