LTO-boeren binne posityf oer de takomst

29 jan 2016 - 16:30
  • De LTO-boeren waarden tasprutsen troch Europarlemintariër Jan Huitema

Fryske boeren binne posityf oer de takomst, ek al binne de molk- en fleisprizen op dit stuit leech. Yn de hiele lânbousektor wurdt folop wurke oan ynnovaasje en duorsumens. Mar it útbliuwen fan dúdlikens oer it belied fan de oerheid sit in soad boeren dwers. Dat blykt op de gearkomste fan lânbou-organisaasje LTO Noard yn Drachten.

Ek yn mindere tiden sjogge de measte boeren wol mooglikheden. Mar it útbliuwen fan dúdlik oerheidsbelied oer bygelyks it produsearjen fan dong en oare saken sit harren dwers.

Automatisearring, ynnovaasje en de duorsumens binne saken dêr't elts mei dwaande is. It ferwurkjen fan de dong op de buorkerij ta droege meststof dy't keunstdong ferfange kin is yn dat ramt nijsgjirrich. Op de gearkomste waarden de boeren ûnder oare bemoedigjend tasprutsen troch de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea, dy't sels ek boer is. 

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)