Loverboys probleem foar plysje

20 nov 2004 - 10:39

It is foar de Fryske plysje in toer om fet te krijen op de wrâld fan loverboys en de famkes dy't foar dizze poaiers wurkje moatte. Dat seit Douma, it haad fan 'e Fryske sedeplysje. Loverboys ronselje famkes foar de prostitúsje en litte dy in soad jild foar harren fertsjinje.

Ut ûndersyk fan Vrouwenopvang Fryslân docht bliken dat loverboys hast altiten Marrokanen mei in krimineel ferline binne. Se neame famkes 'handelswaar'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)