Loverboys aktyf op plattelân

16 nov 2007 - 18:08

Loverboys binne hieltyd faker te finen op it Fryske plattelân. Om in goed byld te krijen yn Fryslân wurdt der in spesiaal advys- en meldpunt iepene. Loverboys binne jonge poaiers dy't famkes mei leafde en kado's yn de prostitúsje twinge.

De lêste jierren is it tal meldings ferdûbele. Loverboys ronselje famkes by skoallen en yn diskotheken. In nij fenomeen binne de lovergirls dy't freondinnen ynpalmje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)