Loverboy-meldpunt opset

15 nov 2007 - 21:15

Der komt in spesjaal loverboy- en jeugdprostitúsjemeldpunt. By de tillefoanyske helpline kinne minsken te plak dy't problemen mei in loverboy ha of sjogge.

De helptsjinst is opset om't in soad minsken net witte wêr't se mei har fragen terjochte kinne. Der is al in meldpunt foar húslik geweld. Dêr sil no ek advys jûn wurde oer loverboy- en Jeugdprostitúsje-problematyk. It tillefoannûmer is: 0900-5675678

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)