Lotto sponsor sc Hearrenfean

28 jul 2009 - 17:08

De Lotto is foar it kommend seizoen ien fan de sponsors fan Sportklup Hearrenfean. Hearrenfean is dêrmei, nei Feyenoord, de twadde klup dy't in kontrakt tekent. De Lotto wol wer mear betelle fuotbalklups sponsorje. Der wurdt ek mei oare klups ûnderhannele.

De Lotto mei it logo fan de Toto no by it fjild sette. Fierder komt it op de website en yn de digitale nijsbrief. De toto is in produkt fan de Lotto. De opbringsten gean nei goede doelen op it mêd fan sport en kultuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)