Lotting SKS yn grutte tinte

05 jul 2006 - 10:25

De lotting fan it SKS-skûtsjesilen is foar it earst sûnt jierren net yn de Bierhalle yn Grou. Dat is fanwege de grutte drokte net mear ferantwurde, seit de kommisje fan Grou. Alle jierren komme der hûnderten minsken op de lotting ôf.

De SKS-kommisje hat yntusken in tinte meitsje litten dy't opset wurdt op it Halbertsmaplein yn it sintrum fan Grou. Sa is de lotting dit jier ek wer foar eltsenien tagonklik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)