Lotting offisjeus WK kuorbal jeugdlanneteams yn Ljouwert

09 feb 2015 - 20:56
  • Marloes Frieswijk wrâldkampioen 2015 kuorbal U19

Moandei op de neimiddei is der lotte foar de pûlyndieling fan de 20e edysje fan de Kuorbal Wrâld Cup ûnder de 19 jier. Dat is it offisjeuze wrâldkampioenschap kuorbal foar jeugdlanneteams oant 19 jier. It WK wurdt yn it peaskewykein fan 2 oant en mei 5 april foar de tredde kear op rige hâlden yn it fernijde sportsintrum Kealledykje en de Camminghahal yn Ljouwert.

Oan it toernoai dogge foarearst tolve teams út alve lannen mei. Nijkommer is Nij-Seelân. Mooglik folget ek noch de dielname fan Brazilië, Sina en Marokko. It dielnimmersfjild heart by de wrâldtop mei Nederlân, België, Sineesk Taipei, Ingelân en Dútslân. Nederlân is titelferdigener. Op de slotdei binne de krúswedstriden, folge troch de finales.

De organisaasje is yn hannen fan it kuorbaldistrikt Noard yn gearwurking mei de ferienings Mid-Fryslân út Reduzum en kuorbalferiening Ljouwert.

De offisjele lotting smiet de ûndersteande yndieling op:
Groep A: Nederlân, Ingelân, Sineesk Taipei, Kataloanië, Roemenië en Nij-Seelân;
Groep B: België, Dútslân, Portugal, Tsjechië, Hongarije en it regionaal talinteteam distrikt Noard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)