Lotting noardlik bekertoernoai

06 apr 2010 - 19:53
  • Harkemase Boys treft Genemuiden yn de kwartfinale

Harkemase Boys spilet yn de kwartfinale om it noardlik bekertoernoai thús tsjin Genemuiden. Snits Wyt Swart moat yn Emmen oantrede tsjin WKE en DIO Easterwâlde spilet thús tsjin Urk 2.

As de Fryske clubs harren wedstriid winne spilet Harkemase Boys de heale finale thús tsjin de winner fan ACV en PKC en moat Snits Wyt Swart oantrede tsjin de winner fan DIO Easterwâlde en Urk 2. De kwartfinales wurde spile op 27 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)