Lotting listnûmers moat earder

25 sep 2010 - 14:14

Gemeentebelangen Súdwest-Fryslân is lilk dat pas let bekend wurdt hokker listnûmer de partij krijt. Dat is pas op 20 oktober. Oant dy tiid kin gjin posters of folders drukt wurde. Grutte partijen lykas PvdA en CDA witte it listnûmer al wol, mar de lokalen moatte dêr noch om lotsje.

Listlûker Hoekema seit dat alle dielnimmers no wol bekend binne. De lotting kin dêrom ek wol earder as 20 oktober wêze. De ferkiezings yn de Súdwesthoeke binne op 24 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)