Lotting kuorbalwrâldbeker

06 feb 2013 - 14:26

Andries Ekhart, sportwethâlder fan de gemeente Ljouwert, hat woansdeitemiddei lotte foar de kuorbalwrâldbeker ûnder 19 jier. De kommende trije jier sil dit toernoai yn Ljouwert hâlden wurde. It offisjeuze WK kuorbal is dit jier yn it peaskewykein fan 28 o.e.m. 31 maart. Yn groep A spylje Sinees Taipei, Hongarije, Portugal en Sina. Groep B bestiet út Nederlân, Poalen, Kataloanië en Turkije. Yn groep C spylje Ingelân, Ruslân, Roemenië en Marokko. Groep D wurdt foarme troch België, Dútslân, Tsjechië en in Noardlik talinteteam.

De organisaasje fan dit grutte kuorbalevenemint is yn hannen fan de ferienings Ljouwert en Mid-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)