Lotting by fytsalvestêdetocht

02 nov 2014 - 15:22
  • Trochkomst Marsum

It lot makket tenei út wa't meidwaan mei oan de fytsalvestêdetocht. Nei krityk op it besteande ynskriuwingssysteem hat it bestjoer besletten tenei in lotterij te hâlden ûnder alle ynskriuwings. Oant no ta wie it sa dat de earste 15.000 dy't har opjoegen ek meidwaan koene. Dat soarge foar reboelje doe't ferline jier bliken die dat dat ynskriuwen net altyd goed giet.

Yn it nije systeem mei lotting kin yn de lêste twa wiken fan desimber ynskreaun wurde, wêrnei't de kompjûter de kaarten ferdielt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)