Lotterij gjin basis nij Thialf

06 des 2011 - 22:34

Deputearre Hans Konst faget de flier oan mei it plan om de ryksbydrage foar in nije Thialf te beteljen út in lotterij. De Twadde Keamer stimde tiisdei yn mei in útstel fan de VVD om fia in lotterij jild op te heljen.

Neffens Konst is in lotterij gjin suver fundamint foar in prestizjeus projekt as in nij Thialf. Foar in iisstadion dat sa'n 100 miljoen kostje moat, ha de provinsje en de gemeente Hearrenfean 40 miljoen fan it ryk nedich. Hy ferwachtet net dat dat út de lotterij komme sil. Yn febrewaris komt de provinsje mei in útwurke plan foar in nij iisstadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)