Lot Sawn Stjerren Nijs yn hannen gemeenteried Ferwerderadiel

05 nov 2015 - 15:06
  • De mooglik lêste edysje fan it Sawn Stjerren Nijs

It Sawn Stjerren Nijs yn Ferwerderadiel moat nei 43 jier miskien ophâlde. Yn de riedsfergadering wurdt tongersdeitejûn oer meardere besunigingen praat en ek oer Sawn Stjerren Nijs.

Advertearders
Op dit stuit is de gemeente Ferwerderadiel de grutste advertearder fan it blêd troch harren meidielingen. Ferwerderadiel wol lykwols yn de takomst advertearje yn de Dockumer Courant. De meidielingen fan de gemeenten dêr't se mei fúzearje sille, meitsje ek gebrûk fan dy krante. Dit soe it ein betsjutte foar it Sawn Stjerren Nijs. 

Mûnlinge tasizzing fóar behâld
Foarich jier joech de gemeente noch in mûnlinge tasizzing oan de krante, dat se oant de fúzje in rol spylje soene yn de kommunikaasje nei de boargers ta. Boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel sei hjir sels oer: ''Ik wil Sawn Stjerren Nijs niet kwijt.'' 

Oplage
It Sawn Stjerren Nijs ferskynt 24 kear per jier en hat in oplage fan 5.450 eksimplaren. De krante wurdt ek levere op 600 adressen yn it bûtengebiet. Oare hûs-oan-hûs kranten wurde dêr net levere. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)