Lot PVV yn hannen Aardema

24 mrt 2014 - 07:20
  • Max Aardema, steatelid PVV-Fryslân

It lot fan de PVV yn Fryslân leit yn hannen fan Max Aardema. Hy is it iennichste noch sittende steatelid foar de partij fan Geert Wilders. De oare twa, Otto van der Galiën en Pieter Buisman, brutsen dit wykein mei de PVV. Oanlieding dêrfoar wie de útspraak fan Wilders oer Marokkanen, ferline wike woansdei.

Aardema hat mear tiid nedich en wol yn alle rêst neitinke oer syn beslút. Hy komt yn de kommende dagen mei in stânpunt nei bûten ta.

Yntusken lit de Anti Fascistische Aktie Fryslân fan him hearre. De AFA kundiget aksjes oan tsjin Aardema mocht hy by de PVV bliuwe. Kommissaris fan de Kening Jorritsma liet dit wykein witte respekt te hawwen foar it beslút fan Van der Galiën en Buisman. Wat de twa no dwaan sille en oft se werom komme yn de steaten, is noch ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)