Lot-aksje foar Cambuur

27 nov 2005 - 00:00

Twa Cambuur-supporters binne begûn mei in aksje om jild binnen te heljen foar de klub. It is de bedoeling dat safolle mooglik supporters in Staatslot keapje en dat ynleverje by de Fansjop of ien fan de inisjatyfnimmers. It bedrach dat wûn wurdt, giet rjochtstreeks nei de klub.

Earder organisearren supporters fan Fortuna Sittard in soartgelikese aksje. Dy smiet doe aardich wat sinten op. De trekking is op 5 desimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)