Losse Fearren foar kreas doarp

19 sep 2012 - 11:49

Doarpen dy't mei in plan komme om de saak kreazer te meitsjen kinne in berop dwaan op jild fan 'Losse fearren'. Dat is in projekt fan de wenningboukorporaasje Wonen Noordwest Friesland. Dy jout maksimaal 200 euro oan lytse projekten om in doarp leuker of leefberder te meitsjen.

Ferline jier hawwe 50 projekten jild út de pot krigen. It jild is bedoeld foar plannen fan ferienings, stichtings, organisaasjes, bedriuwen en partikulieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)