'Losse eintsjes by Rutte'

02 jan 2013 - 20:40

Gemeenten moatte der by it kabinet op oantrune dat der gau dúdlikens komt oer de takomst fan de wenningmerk. Mei dy oprop kaam boargemaster Gerard van Klaveren fan de gemeente Weststellingwerf woansdei.

Neffens Van Klaveren sitte der op dit stuit noch te folle losse eintsjes yn it belied fan Rutte II en dat soarget derfoar dat de wenningmerk op slot bliuwt. Der wurde mar kwalik nije wenten boud en dat hat net allinnich finansjele gefolgen yn de bou, mar ek foar de gemeenten. Sa wurdt der gjin jild mear fertsjinne oan de grûnferkeap.

De gemeenten soene dêrom mei ûnder oaren de bou- en wenningboukorporaasjes en makelers oan Rutte II freegje moatte om mei faasje mei in takomstfyzje op it mêd fan wenjen te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)