Losrinnende ko by Appelskea

07 nov 2013 - 14:20

De plysje warskôget foar in losrinnende Skotske Heechlanner op de N381, de trochgeande dyk by Appelskea. By de plysje binne tongersdei in oantal meldings oer it bist binnenkaam. De ko heart by in keppel yn it natuergebiet Stoevert en Ganzepoel. Dat is 2 kilometer by de dyk wei. Nei alle gedachten is it bist troch in gat yn it stek fierder de bosk ynrûn. Der is mei in man as 10 nei it bist socht, mar der waard neat fûn. Yntusken binne der op 'e hichte fan de Keale Dunen buorden pleatst, dat it ferkear stadich ride moat.

De kâns dat de jonge ko sels wer by de keppel komt, is net grut, sa tinkt de boskwachter. As de ko sjoen wurdt, moat dy dêrom ferdôve wurde. As 'er ticht by de dyk is, moat de ko miskien sels deasketten wurde

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)