Los yn fernijde Betheltsjerke

05 des 2004 - 16:06

Snein is de earste tsjinst yn de nije seal fan de Betheltsjerke yn Drachten. Troch de útwreiding is der no plak foar 2000 minsken. Yn de fernijde Bethel- tsjerke sille alle sneins seis tsjinsten hâlden wurde. Neist in dûbele tsjinst foar folwoeksenen komme der yn de âlde seal byienkomsten foar jongeren en lytse bern.

Yn oardel moanne tiid is in autogaraazje yn in tsjerkeseal feroare. De kosten wiene 1 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)