Los wint ek IFKS Ychtenbrêge

06 aug 2009 - 16:29
  • De op-en-del-baan by Ychtenbrêge
  • De ploech fan Delmer Los yn aksje op 'e Tsjûkemar (foto: Martin de Jong)

It IFKS skûtsjesilen by Ychtenbrêge is tongersdei wûn troch Delmer Los. Woansdei wûn hy ek al. Martin Vlasbloem en Tony Brundel waarden twad en tred. Jelle Talsma, de grutte konkurrint yn it klassemint, einige as njoggende. Siete Meeter, dy't it grutste part fan de wedstriid earst lei, einige dochs as fyfde.

De wyn wie skifterich en ûnbetrouber. Dêrom wiene der tidens de wedstriid in soad wikselingen. Geale Tadema protesteart tsjin De Koe en Dijkstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)