Los wer earste by IFKS

15 aug 2006 - 11:28

Delmer Los is moandei wer as earste oer de streek gien by it skûtsjesilen fan de IFKS. Eelke Dijkstra wie twadde, Tony Brundel tredde.

Los sylde in knappe wedstriid wêryn't er út de middenmoat wei stadich nei foaren sylde. Uteinlik wist er in spannende striid mei Dijkstra yn syn foardiel te besljochtsjen. De twa skippen hiene in grutte foarsprong op de rest. Der wiene in soad protesten, mar de útslach bleau frijwol gelyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)