Lorentzslûzen takom wike in dei net yn gebrûk

10 jul 2015 - 11:08
  • Lorentzslûzen

Skippen kinne nije wike fan tiisdeitejûn oant en mei woansdeitejûn gjin gebrûk meitsje fan de Lorentzslûzen yn de Ofslútdyk. De slûzen binne in wichtich en drok punt yn de farrûte Amsterdam-Harns en de Waadsee. De skipfeart moat omfarre fia de Stevinslûzen by Den Oever as de skippen nei de Waadsee wolle. Om yn Harns te kommen giet de rûte fia De Lemmer en it Prinses Margrietkanaal. De brêge en de slûzen wurde opknapt. By de brêgen is dat nedich om't der skuorren yn sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)