Lorentzslûzen Ofslútdyk seis wike ticht foar grut ûnderhâld

29 jan 2016 - 22:05
  • It sluzekompleks kin wol in opknapbeurt brûke, sizze de bewenners
  • De foarljochtingsjûn yn it gebou fan Rykswettersteat op Koarnwertersân

De Lorentzslûzen yn de Ofslútdyk wurde fan 21 maart oant 1 maaie net betsjinne. Dit omdat der grut ûnderhâld útfierd wurdt oan it kompleks. Troch it wurk kin it skipfeartferkear seis wike net troch de slûs.

De skipfeart moat omfarre fia de Stevinslûs by Wieringen. Dat is lykwols foar in soad skippen net in goeie opsje. Sa die freedtejûn bliken op in ynformaasjejûn oer it grut ûnderhâld. Neffens de havenmaster fan Urk kinne in soad fiskkotters net troch de Stevinslûs om't de fargeul dêr net djip genôch is. 

Himelfeart

Ornaris is it net in probleem om't de fiskers nei de ôfslach yn Harns of yn de Eemshaven geane, mar yn de wike fan Himelfeart leit de fiskerij stil en moatte de skippen werom nei Urk foar grut ûnderhâld. Troch de wurksumheden is dat no net mooglik. De havenmaster die dêrom in driuwend berop op Rykswettersteat om ien wykein earder klear te wêzen. Rykswettersteat seit syn bêst te dwaan, mar kin gjin tasizzingen dwaan. 

Ek de silers kamen mei itselde fersyk. Op freed 29 april begjinne der toertochten en omfarre is foar de silers gjin goeie opsje. Troch it Fryske binnenwetter slagget ek net, om't de Drachtsterbrêge by Ljouwert der dan ek út leit. 

Fertutearze

It bestjoeringssysteem wurdt ferfongen en de remming- en geleidewurken wurde fernijd. De wurksumheden binne nedich foar it funksjonearjen en de feiligens fan de slûzen, de brêgen en de sneldyk. De bewenners fan Koarnwertersân binne bliid dat it fertutearze slûzekompleks opknapt wurdt. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)